Kilimanjaro.. hearlik bierke! - Reisverslag uit Arusha, Tanzania van Beitske - WaarBenJij.nu Kilimanjaro.. hearlik bierke! - Reisverslag uit Arusha, Tanzania van Beitske - WaarBenJij.nu

Kilimanjaro.. hearlik bierke!

Door: Beits

Blijf op de hoogte en volg Beitske

18 April 2009 | Tanzania, Arusha

Efen in koarte reisupdate:

Nei 11 oeren yn de bus kamen we foarige wike snein oan yn Dar es Salaam.. net in bysundere sted dus nei ien dei de boat op stapt nei Zanzibar, in eilan foar de kust fan Tanzania.. krekt ofst yn de plaatsjes ut in moaie reisbrochure stiest der! Beatifull.. Stonetown, in ald stedsje mei smelle strjitsjes wer ast hearlik yn omspane kinst.. alle kruden en fruchten dy't der groeie ha we yn it wyld sjoen en preauwn.. En wat ik nea ferjitte sil: Mei dolfijnen swommen op iepen oceaan..WOW! Echt in stik as 30 dolfijnen dy't om my hinne swommen, heardest se mei elkoar kommunisearen troch middel fan hege toanen..wow! En dan de strannen wiene pitoresk! Us ferbleauw der ha we ofsluten mei de moanlikse 'full-moon party' op it stran.. en mei de nacht ferry en in bytsje bruner (ja der wurkje ik ek hurd oan hjir, want ik hear dat it al fierstente moai waar is by jimme ;) werom nei it feste lan.

Fan Dar es Salaam gelyk troch mei de bus nei Moshi, wat oan de foet fan de Kilimanjaro leit.. dizze wraldferneamde berch nimme se ek wol de 'shy mountain' en dat kloppet wat hy hat himsels ien kear in oerke sjen litten yn de twa dagen dat we der wiene..mar wol prachtich hear! We ha in rintocht oan de foet fan de berch dien, troch de doarpkes en banane- en kofje plantaazjes.. sawat alle planten en blommen dy't wy yn in tropysk tunsintrum keapje groeie en bloeie hjirre.. En de minsken libje wurklik fan bananen..banane-jirpels, banane-wyn, banane-soep, banane-bier (net te supen sa soer!), banane-bole.. Dat harren stuolgong (stoelgang?) noch funksjoneart is in wunder!

Doe troch nei Arusha (ja we ha in drok programma!) wer't we no sitte.. Juster ha we in deitrip dien nei de Ngorongoro crater.. in mega grutte krater mei in grutte ferskeidenheid oan bisten en fugels.. dy't allegear yn harmony mei elkoar libje.. oan't de liuwen sin oan wat ha fansels.. de omjouwing kin ik beskriuwe as in kombinaasje fan scene ut Jurassic Park en hoe't ik tink dat Ierlan der ungefear utsjocht..bergen yn de wolken, griene heuvels, prachtige beammen en planten.. en der libbet de Masai stam tusken mei harren skiep en kij..

Fannemiddei stappe wy yn de bus om nei 17 oeren (jaiks!) oan de kommen yn Uganda..Jinja/Kampala wer't we wild water raften geane op de Nijl!

Belooft wer mear ADVENTURE!!

Badai (oant gau!) Beits

  • 18 April 2009 - 09:46

    Marina:

    Hoi Beitske!
    Nog nooit zo lang over zo'n kort berichtje gedaan (haha), maar volgens mij snap ik 't aardig. Ik moest wel lachen om je bananen-stoelgang-kwestie ;) Oh en Zanzibar, wat gaaf van die dolfijnen! WOW!
    Nou, geniet en ik zie uit naar je volgende berichtje!

  • 18 April 2009 - 11:16

    Astrid:

    Geweldig verhaal Beitske, blijf schrijven wanneer je kunt, we zien vol verlangen uit naar je mail.
    Geniet van deze reis.
    Gr Astrid

  • 18 April 2009 - 17:06

    Wybren:

    He B!

    Machtich moai man! Genyt noch efkes en ast wer yn Fryslân bist gauris wat ôfprate!

    Heu,

    Wybren

  • 18 April 2009 - 17:25

    Femper:

    lieve beitsie!!
    WAUW.. dat klinkt echt helemaal geweldig allemaal, krijg er kriebels van in mn buikje, heerlijk die vrijheid! Geniet van je laatste weken!!! En ik kan niet wachten je weer te zien..ik ben al druk met de planning aan de gang:) dikke dikke knuffel! x fem

  • 18 April 2009 - 19:41

    Marlies:

    Hey Beits,

    Wat in avontoer, machtich! Bin tige benijd nei alle ferhalen!

    Oant gau
    x

  • 19 April 2009 - 14:51

    Wendy:

    Beitske, echt een mega mooie belevenis.
    Ik hoop dat alles goed met je gaat... en dat je goed op jezelf blijft passen topper.
    Hier alles prima, gister alleen verloren met voetbal, erg slecht. e kunnen nog tweede worden daar gaan we dan ook voor. We keep in touch fijne dag. Liefs Wen

  • 19 April 2009 - 15:07

    Sjouk:

    Sjocht dr goed ùt beits!
    M8ich dat uitje mei de dolfynen, hast t ek op film? khearde datst 3 maaie wer te plak bist? Smst mar ff ast oer Addis fleanst, dan swaaie we wol ff! Sjochdy

  • 20 April 2009 - 15:02

    Malu:

    Heeej Beitske!

    Jammer dat je verhaal in het Fries is, maar heb n poging gedaan het te lezen en volgens mij heb ik het aardig gesnapt, hahhaa!
    Erg leuke dingen gedaan en nog te doen dus! Super hoor!! Geniet er nog eventjes van..

    liefs Malu

  • 20 April 2009 - 16:46

    Jaring En Mineke:

    Leave Beitske.
    Wat is het het daar volgens jouw beschrijving mooi ,zou er ook wel een kijkje willen nemen ,blijf van je wel verdiende vakantie genieten en we hopen je weer in goede gezondheid terug te zien in mei,vr,gr, Jaring en Mineke.

  • 20 April 2009 - 18:46

    Herman:

    He Beits! Machtich moai! Wat is de wrâld alderferskourende moai (en wreed, dat hasto ek al sjen kint).
    Geniedsje der mar fan, it hurde wurkjen komt aanst wol wer ;-)

    groetnis

  • 21 April 2009 - 07:13

    Geke:

    Een reis om nooit te vergeten..Zal wel wennen zijn straks weer in het 'frissere Friesland'

  • 21 April 2009 - 08:52

    Douts:

    Hé Beits!

    Yn ien wurd: Wauw! It klinkt my allegearre fantastysk yn de earen.. wat in avontuur! Take care de leste wiken, goed op dysels pasje en foarol ENJOY!

    Leafs Douts


  • 22 April 2009 - 19:02

    Margje:

    Hoi Beits,
    Wat hast wer in soad moaie dingen belibbe.Dat mei de dolfynen is fansels wol hiel bysûnder.
    Ik winskje dij alle goeds ta en hoop dy gau wer sûn te sjen.
    groet fan Gerrit en Margje

  • 23 April 2009 - 16:59

    Betty Minks:

    Hoi Beitske,
    Jeetje wat een verhaal en die dolfijnen wauw super!
    Genieten en nog eens genieten van jouw verhalen.
    Tot gauw groetjes en veel liefs.

  • 24 April 2009 - 15:07

    Willeke:

    Beits!!

    Ik heb het geprobeerd te ontcijferen en het klinkt echt super!! In zo’n snelle tijd zoveel dingen gezien en gedaan! Veel plezier nog in je laatste weken!!

    Nu kan ik al wel zeggen, tot snel :)

    Kuss

  • 26 April 2009 - 10:45

    Ranjana:

    Beitske,

    Nou je maakt daar wel wat mee zeg! Veel plezier met het wild water raften. En geniet nog maar, want het avontuur is bijna alweer afgelopen.

    Ranjana

  • 29 April 2009 - 04:02

    Feikje:

    Wolst 3 maaie direkt troch nei Heerenveen - ADO den Haag om 14.30 oere? Nei 6 moanne einliks wer it Frysk Folksliet út folle boarst?

  • 30 April 2009 - 15:34

    Sicco:

    Hoi Beitske,

    Wat silsto wenne moatte asto aanstons wer ‘thús’ bist. Oerladen mei ferhalen, aventoeren en yndrukken. Wenne oan it kontrast.
    Yn Wymbrits hawwe se in betrouwensbrief opmakke om te sjen oftsto wol doochst om it stokje fan Tjitske oer te nimmen. Sjoen dyn ynset en leafde foar de minsken yn Afrika liket dat my gjin punt.

    Oant Gau,
    Sicco

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Beitske

Coordinator Psychosociaal Supportteam Lesbos, Stichting Bootvluchteling

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 154
Totaal aantal bezoekers 37464

Voorgaande reizen:

06 April 2017 - 06 November 2017

Lesbos

02 Juni 2016 - 26 Juli 2016

Transmongolian Express!

02 November 2008 - 03 Mei 2009

KENYA

Landen bezocht: