Thús swiet thús.. - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Beitske - WaarBenJij.nu Thús swiet thús.. - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Beitske - WaarBenJij.nu

Thús swiet thús..

Door: Beits

Blijf op de hoogte en volg Beitske

04 Mei 2009 | Nederland, Amsterdam

Uganda wie machtich.. de earste dei yn Jinja ha we nei in busrit fan 17 oeren oer minne minne diken earst in stapelbed 'opdûkt', oare deis fytsen hiert en wat rûncrossed..ek oer de spoarbrêge oer de Nyl, mar dat wie neffens de trije soldaten (mei de eagen skeel yn'e kop fan de drank/drugs..) dy't ús oan de oare kant fan de brêge op stienen te wachtsjen in 'serious crime' en we koenen harren mar better wat jaan, oars moasten we mar mei..hm. 'You want some sweets (=snoep)?', frege Sabine.. 'Or water..?'..mar dat wie se fansels net nei't sin. 'Give me anything you have!', ik sei dat we net mear as 3000 Ugandeeske shilling by us hiene (omrekkene 1 euro nogwat), nei dat oannaam te hawwen koene we gelokkich troch fytse. We ha de oarpsrong fan de Nyl sjoen en it raften wie echt in 'kick'! Stik as fiif kear oer de kop flein, wêrnei ast troch de streaming sa'n 8 seconden ûnder wettter lutsen wurdst om ferfolgens boppe te kommen in hap wetter yn stee fan lucht binnen krijst en wer in ferdjipping legen giest..sa't ik al sei: Machtich! Tusken de krokodillen swimme, fan wetterfallen nei beneden fleane..relaxed peddelje, beseffent dat as we noch sa'n.. pak 'm beet 2 jier trochpeddelje we yn Egypte oankomme sille, mar dêr wiene ús Pakistaanske peddelgenoaten mei lange swarte burden en moustaches (wêr fan't ien nét swimme koe) net sa foar..

Dyselde jûn noch mei de bus nei Kampale, de haadstêd fan Uganda.. wat rûnskarrele..net folle te belibjen. Doe op nei Kisumu (West Kenya) werom yn us (tydlike) 'thúslân'..want sa fielt it dochs echt ynmiddels.. Yn Kisumu ha we it Pandipieri projekt opsocht wêr't Karlijn, myn staazjebegeliedster foarich jier en ex-kollega, yn 2002 as frijwilliger wurke hat.. moai projekt wêr't se bern ut de sloppen ûnderdak en basis edukaasje biede en letter in 'vocational training' om in fak te learen. Op dit momint sieten der ek twa oare Hollanners dy't us wat bykletst hawwe. De oare dei binne we mei twa local fiskers yn in dhow (tradysjonele sylboat) stapt en ha we in rûntsje oer Lake Victoria sylt, tusken de Nijlpaarden troch (dy't, neffens de fiskers, harren freonen wiene.. mar dy't ûndertusken fan alle bisten n Africa de measte minsklike slachtoffers meitsje..ja kom mar net te tichtby dan.. 'No problem friends!'.. No problem my ass!) We ha't oerlibbe, noch efen by de skipper thus sitten en doe mei de fytstaksje werom nei town.
We soene de oare deis mei de bus weom nei Nairobi..mar in parasyt neamt 'Amoebae' goaide roet yn't iten.. gelokkich wie der in goed sikenhus yn de buurt wêr't ik my teste litte koe en goede medicinen krige.. dêrmei wie it binnen in dei alwer better en koene we fierder.

Yn Nairobi (wat echt in té tichtbefolkte stêd is..kinst oer de koppen wol rinne) wat dinkjes regele en ôfskied naam fan Sabine dy't 11 maaie werom nei Belgie fleant.

De lêste trije dagen bin ik yn Thika west, yn CRC.. alle bern fleagen my om de hals doe't ik utstapte.. 'BEISKAA!' Jeeej! Skatten.. Neist skommeljen en fan de glydbaan fleane ha we in start makke mei de wetterput! Freed is der in man kaam om mei in kompjûter achtich ding te mjitten wêr't it wetter siet en hoe djip ûngefear, mei it rapport wat hy opstellen giet (en moarn, tiisdei klear wêze moat) kinne we nei it engineerings bedriuw 'Wings' yn Thika, dy't boarje sil en de pomp en filter oanslúten giet.. Ien kink yn de kabel kin de tastimming wêze dy't we nedich ha fan de oerheid, mar de 'mjit man' riede ús oan gewoan te starten, om't de 'wetterput man' fan de oerheid al achter yn de 60 wie en net sa hurd mear rint qua wurk.. hm.
Hoe dan ek.. we binne los en Nelson (de Keniaanske manager fan CRC) en it bestjoer yn Nederlân set tegearre mei my allesop alles om de wetterput der sa gau as mooglik te krijen! Dankzij it jild fan de sponsorrin fan de Twatine yn Gau is dat gelokkich mooglik!

Johnny Johnny syn hantsje seach der prachtich út.. de operaasje is hiel goed slagge en hy kin no mei in 'normaal' hantsje mar dan mei trije fingers troch it libben..Tank foar jimme stipe!

1001 kear ha ik tasizze moatten om werom te kommen nei CRC, wat ek seker fan plan bin..! En dat makke it ôfskied net leuker, mar wol makliker.

Seis moannen.. ien kear yn't fleantúch fieldeit as de dei fan juster dat ik op Skiphol ynstapte.. oan de oare kant besef ik dat ik safolle belibbe ha, sjoen ha, dwaan mocht..minsken moeten ha dy't ik nea ferjitte sil..

En ek al jimme support fia de post/tillefoan/ynternet wat my eltse kear sa goed dien hat.. ferjit ik nea!

Asante, bedankt, thank you, danke sehr, tige tank!

Op dit momint sit ik fysiek yn Gau foar de kompjûter, mar it fjilt noch wat ûnwurklik allegear. Dalik earst nei Beppe.. dy't seis moannen lang eltse dei foar my bidden hat en dy't ik erg mist ha.

Kom gau ris del om foto's te sjen en by te kletsen, sjoch der nei út jimme allegear wer te sjen!

Leafs, Beits




  • 04 Mei 2009 - 08:59

    Reinschje:

    Wolkom yn ús moaie Wymbrits!

  • 04 Mei 2009 - 09:19

    Astrid:

    Welkom thuis Beitske, in dit kleine, maar o zo mooie groen kikkerlandje.
    Ik zie je wel op het werk en hoor je dan wel uit.
    gr Astrid

  • 04 Mei 2009 - 09:24

    Marlies R.:

    Hey Beits!

    Moai dast der wer bist! Bin super benijd nei dyn ferhalen. De tiid is echt omflein.

    Oant gau!
    Leafs

  • 04 Mei 2009 - 09:48

    Klaas:

    welkom thuis na al je avonturen. hoop dat je je draai weer een beetje kunt vinden, en wen kletsen wel eens bij
    dank voor al je schitterende verhalen

  • 04 Mei 2009 - 09:57

    Douts:

    Wolkom thús Beits!

    Oan elk avontuer komt in ein, mar de herinneringen dy bliuwe!

    Moai datst sûn en wol der wer bist. En ik sjoch dy fest gau foarby kommen hjir yn Gau.

    Groetnis fam. Gerbrandy

  • 04 Mei 2009 - 10:06

    Marike Beckers:

    Hey!

    Moai dast wer thûs bist.
    Seis moannen fleane echt foarby. Oan't snel!

    Groetnis Marike

    Ps. Ik ha mei folle wille dyn ferhalen lezen

  • 04 Mei 2009 - 10:29

    Gerrit K.:

    Hee Beitske, tsjonge, heftich, fral ek noch dy lêste tiid...
    Wy hoopje datst nettsjinsteande alle aventoeren dêr, hjir yn Gau en omkriten dyn draai ek wer fine silst.. Sitte der net echt oer yn: wolkom!

  • 04 Mei 2009 - 10:59

    Geke:

    Fijn dat je weer thus bent en nu maar weer wennen aan de dikke buien en straks weer aan de arbeid natuurlijk..! Met een hoofd vol fijne herinneringen.

  • 04 Mei 2009 - 11:42

    Jantsje:

    goh Beits!
    bist er wer! wat hest een avonturen belibbe!!
    prachtig altyd dyn ferhalen!
    tot snel dan!

    leafs jantsje

  • 04 Mei 2009 - 15:16

    Karlijn:

    He Beitske,
    welkom thuis!!
    Wat gaaf dat je het Pandipieri project nog bezocht hebt! Corry heb je niet meer gezien? Wel een pech dat je nog net even besmet raakt en naar het ziekenhuis toe moest.

    Heel veel succes met de omschakeling terug naar Nederland! Heb ik zelf het moeilijkste gevonden van heel mijn reis. Waar we ons in Nederland druk om maken staat in zo'n schril contrast met wat je in Kenya gezien hebt.

    Toch hoop ik dat je ook enorm kan genieten van het weerzien van je familie en vrienden en hen deelgenoot te maken van al je avonturen!

    Laat je nog eens weten wat je volgende plannen zijn?

    liefs Karlijn

  • 04 Mei 2009 - 16:36

    Herman:

    Jawis, wolkom thús! Wat in aventoer, blinder der kinne we hjir net oan tippe. Machtig dast it mei makke hast. En no wer oan de bak fansels. Asto nog wurk sikest moast mar efkes skilje.

    groetnis Herman

    Oh ja, Heeg hat ik krekt as it Fean ek rêden, no ja dat wil sizze se binne net degradeerd.

    Heu!

  • 04 Mei 2009 - 18:54

    Wendy:

    Je bent weer back in town, wat zal dat ongelooflijk wennen zijn.
    Wel ontzettend knap en respect voor je dat je zoveel maanden actief bent geweest in zo´n land.
    Je kan naar een leerzaam avontuur terug kijken meid. Een herinnering die niemand je afneemt.
    Take care en het zou leuk zijn als we elkaar nog een keer zien.

    Greetz Wen

  • 04 Mei 2009 - 19:08

    Astrid:

    Ha Beitske,

    Alweer in nederland. Ongeloofelijk zeg. Ik heb je verhalen aardig kunnen volgen, mijn fries is toch zo slecht nog niet.. Was leuk om te lezen en zo bleef ik ook nog een beetje op de hoogte van CRC! Ben je nog even vrij van werk om weer even hier te wennen? Wat zal je een hoop te vertellen hebben en waar moet je beginnen met vertellen.

    Geniet van je thuiskomst.

    Groetjes Astrid


  • 04 Mei 2009 - 21:46

    Jaring:

    He beitske! Nog veel meegemaakt zeg, en nu weer terug in Nederland. Ik hoop dat je je weer een beetje thuis voelt en dat je reis je veel goeds heeft gedaan! Zo te lezen wel : )

    Ik ben nog voor een tijdje in Vancouver, Canada. Ik ga nog een paar plaatsen in Amerika zien en dan over 1 a 2 maand ook weer terug naar NL.

    Groeten daar!

  • 05 Mei 2009 - 06:41

    Betty Minks:

    Hoi Beitske,

    Welkom thuis,zie je binnenkort wel weer in het Roefke.

    groetjes Betty

  • 05 Mei 2009 - 17:14

    Jaring En Mineke:

    Leave Beitske
    Van de week dacht ik nog wanneer komt Beitske weer thuis en daar ben je alweer in Gau.
    Wolkom thûs .
    Vr,gr,Jaring en Mineke.

  • 13 Mei 2009 - 09:23

    Enny:

    Hoi Beitske
    Gelukkig weer heelhuids terug in Fryslân!!
    Sorry voor de late reactie,ben blij dat je zo'n fantastische tijd hebt gehad en wat heb je veel goeds gedaan en veel dingen beleefd!
    Hoop dat je hier ook weer snel gewend bent en het naar de zin hebt.
    Groetjes Enny

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Beitske

Coordinator Psychosociaal Supportteam Lesbos, Stichting Bootvluchteling

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 559
Totaal aantal bezoekers 37462

Voorgaande reizen:

06 April 2017 - 06 November 2017

Lesbos

02 Juni 2016 - 26 Juli 2016

Transmongolian Express!

02 November 2008 - 03 Mei 2009

KENYA

Landen bezocht: