Jambo! Mambo?! - Reisverslag uit Thika, Kenia van Beitske - WaarBenJij.nu Jambo! Mambo?! - Reisverslag uit Thika, Kenia van Beitske - WaarBenJij.nu

Jambo! Mambo?!

Door: Beits

Blijf op de hoogte en volg Beitske

08 November 2008 | Kenia, Thika

HAAAAA goeie! En hoe giet it mei jimme? (fertaling fan titel)

Moandei bin ik oankaam yn Nairobi..nei in pear oeren wachtsjen op visum en taxi (sa koe ik gelyk wenne oan it tempo hjir: 'pole pole') stapteik op it terrein fan it Child Recueing Centre yn Thika. Earste yndruk: chaos en stank..! Ik waard hiel hertlik untfongen troch de meiwurkers en oare frijwilligers. Mar nei in runlieding troch it hus wie ik hielendal high fan de pislucht.. Ien fan de frijwilligers naam my gelyk op sleeptou..op nei de sloppenwyk Kiandutu. Op de boda boda (= fytstaxi) waarden we derhinne brocht foar 20 sinten. Yn de sloppenwyk: wederom: stank, soad fjoer, modder, boufallige huskes.. en ik krige in 2e namme: 'muzungu' (=blanke). Mar alle minsken liken bliid us te sjen.. yn de sloppenwyk is in outreach projekt opsetten KOP (=Kiandutu Outreach Project) wer't de earmste bern les en iten krije en de minsken medyske help krije. Dus se witte dat we der komme mei goede bedoelingen en net om 'apies te sjen'.
Doe't we de bern middeis fan skoalle hellen wie de chaos kompleet: 36 swarte kopkes om my hinne dravend..snotneuzen, smoarge klean, hearlik! Ek wie der alwer in nij jonkje binnenbrocht.. John, de husmemmen hienen him fun op strjitte, ferlitten troch mem, heit yn de bak. Hy koe syn rjochter han en foet amper bruke, wie swart fan de smoarchens en sliepte foaroer mei syn holle op syn hantsje en de fuotten under syn bukje. Doe't him iten foarsetten waard propte hy gelyk safolle mooglik nei binnen..bang dat er net wer iten krije soe. En dat sjoch ik by mear bern..echt oerlibbensdrang. Alles wat se mar pakken kinne wolle se hawwe en se skreauwe en skrieme om oandacht.
In stik as 7 bern hawwe de bof, 2 famkes binne besmet mei HIV, pear TBC gefallen en se hawwe hast allegear ringwjirm (plakken op de holle) en diaree.

No sit ik hjir 6 dagen en it begjint langsem oan te wennen..de pislucht is my hast fertroud rekke en ik kin de measte bern by namme. Der binne mominten dat ik tink: 'Dit hald ik nea 3 moannen fol en in protte situaasjes dy't ik sjoen ha binne echt utsichtleas', mar as ik dan stean te dunsjen en sjongen mei de bern ferjit ik die gedachte alwer gau. Hakuna matata.. it komt allegear goed.

Fannemiddei geane we mei de aldste jonges nei in fuotbalwedstriid hjir yn it pleatseklike Abe Lenstra stadion.. bin benijd! Hald my op de hichte fan jimme belibbenissen en de fuotbalutslagen fansels!

Leafs en tank foar jimme berjochten!

Beits

  • 08 November 2008 - 10:31

    Sicco:

    Hoi Beitske,

    Do draaist der net omhinne; it kontrast mei Thúslân is grut. Dyn ervaring as (Car) washer kinst no yn praktyk bringe. Sukses mei it goede wurk yn Kenia.

    Groetnis út Blauhûs,
    Sicco

  • 08 November 2008 - 11:15

    Froukje:

    Leave sus, ik wol dy efkes witte litte hoe grutsk ik op dy bin...!
    Hâld dy taai...!

    Dikke tuut, Frouk

    P.S. De earste envelop mei tekeningen (make troch in Berne-dei-ferbliuw yn Joure) is ûnderweis nei jimme...!

  • 08 November 2008 - 11:29

    Annelies:

    Hey Beits! Mooi dat je goed bent aangekomen. Wat een verschil met Nederland! Ik hoop dat je snel helemaal je plekje hebt gevonden! liefs, Annelies

  • 08 November 2008 - 12:12

    Doutsen:

    Genietsje fan alles om dy hinne en ferwûnderje dy!

    Geweldich om dyn yndrukken te lêzen. Sa nfoarstelber foar ús..

    Groetjes!

  • 08 November 2008 - 12:20

    Namkje:

    Sjemich, yndrukwekkend sis! Kinst fêst in soad foar dy bêrn betsjutte.. Hast ek wat meikrigen fan Obamafeesterij dêr?
    Súkses en in bytsje nietsje!
    Leafs, Nam.

  • 08 November 2008 - 13:22

    Marlies:

    Ha die Beits!

    Wat in ferskil mei 'hjirre'. Kin wy ús hjir net yntinke. Hoap dast snel dyn draai fûn hast.

    Leafs, Marlies
    ps: ús wedstriid fan hjoed* is ôflast

    * Skearnegoutum

  • 08 November 2008 - 17:58

    Anny:

    Hoi Beitske,

    wat geweldich dast dit wurk dochst!It set ús hjir ek wer oan it tinken..wat ha wy in soad om tankber foar te wêzen! en wat is dêr noch in soad te dwaan. Sterkte en sukses mei alles wast belibbest,
    groeten Anny en Albert Jan

  • 08 November 2008 - 19:55

    Bram Van Beem :

    Hoi Beitske,
    Dien ferhalen, sa ast el sels al oanhellest noechje foarearst net ut om sels in tocht te undernimmen die kant op. Ik fien om die reden dan ek hiel bewonderswaardig dast do en oaren sich der sa foar ynsette wolle! Ik winskje en gun jim noch in protte duns en sjong momenten! Ik hoapje dat jim in protte foar de mienskip betjutte meie en kinne.

    Groetnis

    Bram

    PS: we hiene hjir hjoerd ek in hiele toestand. We hewwe 4 oeren gjin wetter hawnt. Middies wie by de jumbo alle flessen wetter al ferkocht. Hahaha. lokkich is alles no wer regele. Mar at je dan dien ferhaal pleatse yn de fanselssprekkendhied fan hjirre dan wit je wol hoe goed at je it hjir hewwe.

    Succes!

  • 08 November 2008 - 20:27

    Klaas:

    Leuk te lezen oer dyn belibbenissen!wol aktie yn elst gefal. Die my efen tinken oan Tsotsi.... Al sil dy fergelykking wol net op gean. Hey succes jong!
    groet fan klaas

  • 08 November 2008 - 20:46

    Willeke:

    Heeey Beits!!

    Volgens mij heb ik je verhaaltje aardig kunnen vertalen:)
    Leuk om te lezen hoe het met je gaat en hoe het daar is! Ik zal je verhalen blijven volgen, misschien dat ik daarna zelf ook nog Fries schrijven ;)

    Kuss

  • 09 November 2008 - 09:32

    Reinschje:

    Moai om wat fan dy te hearren. Alles went, wurdt der wol ris sein, miskien is dat ek wol wier. Mar wat in oare wrâld dêr en wat ha de bern it hjir dan goed. It ferskil soe net sa grut wêze moatte.

  • 09 November 2008 - 12:31

    Feikje:

    Hoi Beitske
    Ik hoopje dat de fuotbalwedstriid foar de thúsklub dêr better beteard is as Heerenveen tsjin Wolfsburg: 5-1. Hjoed (snein) ha hja de kâns om sjen te litten dat hja better kinne. En ik hoopje datst mear aardige dingen tsjin kommen bist de lêste dagen. Dat kin dy helpe om it in pear moanne fol te hâlden. In protte minsken hjir freegje nei dy en tinke oan dy.
    Sukses en pas goed op dysels,
    Feikje.

  • 09 November 2008 - 13:15

    Jantsje:

    No Beits ik fien et super wast der dochst!!
    dus kinst der ek gewoan nei voetbal! krek wat!
    Beits geniet ervan, en succes.

    tut

  • 09 November 2008 - 15:35

    Karlijn Kerremans:

    Ha Mzungu!! Fantastisch om jouw verhaal te lezen! Al mijn eigen herinneringen en bekende Swahili kreten komen weer te voorschijn, net als de stank! Naast pis ook verbrand plastic of valt dat mee?

    Ondanks de moeilijke momenten volhouden hoor, de mooie ervaringen zullen steeds groter worden als je eenmaal gewend bent en de eerste shock te boven bent. Ik kijk uit naar je volgende verslag!!

    Karlijn

  • 09 November 2008 - 17:28

    Feikje:

    Heerenveen hat wûn: 0-1 tsjin ADO-den Haag.

  • 09 November 2008 - 17:59

    Catrinus:

    Hee Beits,

    Wat bin ik bliid datst goed oerkaam bist.In wike hearre je neat en dan is der dat wolkomme berjochtsje fan: 'Ik bin yn Nairobi'
    Ik hoopje datst dyn plakje der wat fine kinst
    Der binne in protte minsken hjirre dy't nei dy freegje, dat oer meilibjen hatst net te klaaien.
    En dat stipet ek, of net.
    Freed en sneon hawwe ik mei de Dorcas wurkgroepen fan Snits, Drylts en De Lege Geaen meiholpen om in soad iten by de supermerken yn te sammeljen. It hat sa'n 550 doazen fol opsmiten. Geweldich.
    Beits, it giet dy goed en reitsje net bedobbe under al dy smoargens.

    Hoi, heit

  • 09 November 2008 - 23:05

    Frouk En Eric:

    Ha leave sus...!

    Soe in fertaling fan dyn ferhalen yn it Nederlânsk ek mooglik wêze...? Ik bin nammentlik dwaande om skoallen in it spier te krijen om tekeningen en kleurplaten foar de bêrn der te meitsje.
    Dêr sit ik in skoalle yn Bedum by en dy snappe neat fan Frysk fansels...
    Ek by ús kapster (Marjan)yn Ichtenerbrêge komt in poster te hingjen oer dyn projekt en by in blommesaak (De Anjelier) yn Hearrenfean ek.
    En de famylje fan Eric is ek nijskjirrich nei dyn ferhalen.

    Ik hoopje dat wy de bêrn der bliid meitsje kinne mei de tekenigen en kleurplaten. En ast fierder noch wat nedich hast dan joust mar lûd...!

    Dikke tuut fan út Joure...!

  • 10 November 2008 - 20:39

    Klaas:

    Hoi meid,

    vind het grote klasse wat je doet! of je het 3 maanden vol houdt? dat weet je zelf het beste. maar als iemand het kan ben jij het wel
    sterkte met alles!

  • 10 November 2008 - 22:34

    Jannie:

    Ha die Beitske, gelukkig ben ik op het 3 provincienpunt in Drente (in EEN) opgegroeid en daarom kan ik een beetje lezen wat je allemaal schrijft. Van harte hoop ik dat je een mooie tijd tegemoet gaat. In ieder geval mis ik alles en de kinderen van CRC weer erg, elke keer opnieuw vind ik het moeilijk om weer thuis te zijn en te wennen aan het over georganiseerde Nederland. Het leven in Kenia, in Thika, in de slums, speciaal in Kiandutu en in het kinderhuis hebben wel wat. De sfeer en de mensen, het is zo bijzonder. Geniet ervan. Voor zover ik je heb leren kennen, zul je het daar prima hebben. Je kunt wel wat aan. Geniet van de Mombassa trip met de jongens en met Malu. Lieve groet van Jannie en een hugh voor de kids!

  • 11 November 2008 - 18:00

    Feikje:

    Beppe jout fia my troch dat hja elke dei (en nacht) oan dy tinkt en foar dy bidt. Hja hopet datst in soad ûnderfining opdwaan meist wêr'st yn dyn fierdere libben wat oan ha silst.
    De hertelike groetnis fan Beppe Froukje.

  • 11 November 2008 - 18:21

    Tine:

    Hoi Beitske,
    Heb afgelopen vrijdag al met Feikje gesproken.Ben blij om nu ook wat van je te lezen. Dat het begin moeilijk zou zijn geloof ik graag.
    Hoop dat je snel je draai daar vind! Pas je goed op je zelf? Zaterdagavond bij Gau hat talint waren er leuke optredens. Veel dans,playback en zang. Feikje als dokter was ook erg leuk. Zelf ben je ook al aan het dansen en zingen met de kinderen.
    Heel veel succes en zet hem op! We denken aan jou!
    Nu weer naar de deur voor 11 nov. wat een groot contrast!!
    Het ga je goed.
    Jan, Tine, Wiebrig en PJ

  • 11 November 2008 - 18:53

    Nolke:

    Dit is wol echt wurk beits! Dan ha ik een makje mei mien baantje. Fien it prachtig datst der sist fwar de bern. It is net normaal hoe luxs wij it ien gau ha!

    Doch de groeten oan de bern, en bist al mei ze langs de dwarren west, it is al Sint Maarten vanzelf!!

    Groeten Nolke

  • 11 November 2008 - 19:17

    Jaring En Mineke:

    Ben diep onder indruk van je verhaal.Toch hoop ik dat je het volhoud.
    Wat leven wij dan in grote weelde.
    We wachten op je volgende mail.
    Vr,gr.Jaring en Mineke.

  • 12 November 2008 - 09:20

    Herman:

    Hé Beits, bliksem famke, do bist wêr goed dwaande fyn ik. Moai das't wêr sa'n útdaaging oangien biste. Ik winskje dy alle goeds ta en meitsje der wat moais fan!

    groetnis Herman

    o ja, snein Ado-den haag - Heerenveen 0-1 (kalou '86)
    en jûn moatte se tsjin Haaglandia (amateurklupke) foar de beker. Oprolje dy Haaglandia sis ik!

  • 12 November 2008 - 19:54

    Froukje:

    BEITS HAT PER ÛNGELUK IT FERKEARDE KENIAANSE NÛMER DER OP SETTEN...!!!

    IT GOEIE NÛMER IS:

    0025 4715572746

    (it nûmer bestiet út 14 sifers, dat klopt dus)

    SMS-KES KIN SE OP DAT NÛMER EK ÛNTFANGE.
    WA'T HAR BELJE WOL KIN DAT IT BÊSTE NEI 17.00 DWAAN. (nederlânske tiid)
    DAN IS IT DÊR TWA OEREN LETTER.

  • 15 November 2008 - 09:48

    Henk En Geke:

    Hey Beits,

    Veel sterkte en we leven met je mee, veel liefs

  • 15 November 2008 - 19:35

    Enny:

    Hoi Beitske, had je nog willen smsen maar was al te laat!Gelukkig kreeg ik dit adres van je moeder,zodat ik je toch nog kan berichten en zelfs lezen wat jij daar allemaal beleeft! Geweldig zo'n site.Maar nog geweldiger vind ik jou,dat je dit toch allemaal maar even doet!Knap hoor,ik zou hier niet zo goed mee om kunnen gaan.Hoorde van je moeder dat je even een paar dagen er op uit zou gaan en hoop dat je daarna weer nieuwe moed hebt gekregen om het toch vol te houden.Het moeilijkst zijn denk ik de tegenstellingen.Zo kom ik er ook met één:wij zijn nl.pake en beppe geworden van Jesse, zoontje van Dennis en Jildou!

  • 15 November 2008 - 19:44

    Enny:

    Mijn verhaal was nog niet af,maar de ruimte was vol!Ik wou zeggen, hoe goed wij het hier maar hebben!Jesse is in het ziekenhuis geboren via keizersnee.Maar wel in een schone en veilige omgeving met een geweldige verzorging.Dat soort tegenstellingen met wat jij daar beleeft.He Beitske ik wens jou veel sterkte verder en natuurlijk ook plezier!! Liefs Enny

  • 16 November 2008 - 12:20

    Maria:

    hey Meid..

    Fijn om te horen dat je goed bent aangekomen.
    Ik vind het heel knap van jou dat je dit doet.
    Echt onvoorstelbaar allemaal.
    Succes.

    grt Maria

  • 17 November 2008 - 10:11

    Tiny:

    Lieve Beitske, mijn cursus Fries is weer be-
    gonnen. Hoe zit het met het eten daar, kun je dat wat verdragen? Zijn ze wat onder de indruk van je voetbalbenen, hoe lijkt het?Het ga je goed Beitske,liefs van ons allemaal!

  • 28 November 2008 - 16:56

    Astrid:

    Hà die Beitske,
    eindelijk heb ik je web-cite gevonden. ik meende dat je in Uganda zat maar het is Kenia (ook goed)
    Fijn dat je je draai daar hebt gevonden, je doet fantasties werk daar, we zijn trots op je. Zodra je weer terug bent krijg je de foto`s van Petra haar buikje te zien hoor.
    Groeten van ons allemaal
    uit het Roefke.
    Doei

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Beitske

Coordinator Psychosociaal Supportteam Lesbos, Stichting Bootvluchteling

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 194
Totaal aantal bezoekers 37470

Voorgaande reizen:

06 April 2017 - 06 November 2017

Lesbos

02 Juni 2016 - 26 Juli 2016

Transmongolian Express!

02 November 2008 - 03 Mei 2009

KENYA

Landen bezocht: